Bornmeer is in imprint fan 20 leafdesdichten en in liet fan wanhoop BV |
Op kommende wei - Fryske literatuer
|
Op 24 januari gepresenteerd: Oebele Vries, Asega is het dingtijd? De hoogtepunten van de Friese tekstoverlevering |
||||
| De boeken fan Bornmeer binne te keap yn de boekhannel |
NIJ |
|||||
|
Jabik Veenbaas De wite ûle De alve ferhalen in dizze bondel biede in ryk ferskaat oan tema’s, motiven, perspektiven en ferhaalfoarmen. Jabik Veenbaas lit sjen dat er wrâlden oproppe, sitewaasjes beskriuwe, en minsken ta libben bringe kin. |
![]() |
||||
|
Nijntje in het Latijn ... en yn it Frysk |
Albertina Soepboer
Kearsinne De fersen yn Kearsinne binne ynspirearre op muzyk fan Beethoven, Schubert en Kurtag. Tema’s as leafde en fergonklikheid wurde yn elk fan de trije dielen dêr’t de bondel út bestiet, lykas yn in muzykstik, hieltyd op in oare wize foarmjûn. € 15,00 |
![]() |
Krekt ferskynd:![]() |
|||
|
Twa kameleons ... |
Elmar Kuiper Ut namme fan mysels Nije fersen fan
Elmar Kuiper, dy’t yn syn earste bondel Hertbyt al sjen liet dat er autentike, assosjative poëzij mei in folslein eigen en yn dizze
bondel ek hiel persoanlike toan skriuwt. € 15,00 |
![]() |
||||
|
... en in kikkert |
Lida Dykstra & Marije Tolman Skattich Knyntsje Tys hat skjin syn nocht. Omdat er sa lyts en pluzich is, fynt elkenien him skattich – en hy wòl net skattich wêze! Hy keapet in sinnebril en in motor, en besiket stoer te rinnen en lilk te sjen. Mar helpt dat allegear wol? € 12,50 Sjoch hjir foar foto's fan de oanbieding NIJS: Skattich krijt "De leespluim van de maand februari." |
![]() |
|
|||
| Ulke Brolsma Een slagje hier en daar – de Tsiendeiske Fjildtocht fan Hessel Brolsma Ien fan de dielnimmers oan de Tsiendeiske Fjildtocht fan 1831 wie Hessel Brolsma út Stiens. Troch brieven hold er syn âlden op de hichte fan syn aventoeren yn Belgie en Brabân. In lytse 175 jier letter reizget syn betoerpakesizzer Ulke Brolsma him achternei en docht dêr yn dit boek ferslach fan. Oan de hân fan de brieven fan syn foarfaar skilderet er in byld fan dy histoaryske fjildtocht en it soldatelibben yn dy tiid. Tagelyk is it ek in ferslach fan in skriuwer dy’t him al dwaande hieltyd mear bewust wurdt fan syn Brolsma-woartels. € 15,00 |
|
|||||
|
Hylke Speerstra Rasferteller € 12,50
|
![]() |
|||||
|
Jaap Krol M/F Twa minsken, in
man en frou, besykje mei har beiden in krusiale wike troch te kommen, wylst se
flakby in tankstasjon wenje en slocht binne op scrabble. Mei in skerp each foar
alle fleurige en tryste details beskriuwt € 15,00 |
![]() |
|||||
|
Eppie Dam
Abe, in byld fan in spiler Wa’t Abe Lenstra werklik wie, sille we noait presys witte. Sels de minsken dy’t him better koenen, krigen gjin hichte fan him. In dit boek lit Eppie Dam dizze minsken oan it wurd: Abe syn heit en mem, syn broer, syn frou. Mar ek twa ploechgenoaten, in kollega-international en kenners mei in bytsje fuotbalferstân. Hun ferhalen jouwe in byld fan dizze ûngrypbere fuotballer. Abe, in byld fan in spiler is in nij diel yn de VITA-rige, tagongklike biografyen fan beroemde Friezen foar lêzers fan 10 jier en âlder. € 12,50 |
![]() |
|||||
|
Machiel Braaksma
Oeral binne bisten! Sommige deistige dingen binne hiel oars as men tinkt… Sa binne tûkjes en foarkjes eins hielendal gjin deistige dingen, mar ûnderdielen fan bisten. Mar om’t minsken altyd alles skiftsje en opromje - de foarkjes by de foarkjes en de tûkjes by de tûkjes - wit hast gjinien dat. € 15,00 |
|
|||||
Wieke de Haan
Ophysje en delbêdzje Ophysje en delbêdzje is it ferfolch op it tige suksesfolle Optriuwe en ôfbliuwe dat yn 2005 ferskynde. Op ’e nij humoristyske ferhalen foar en oer froulju, no oer plastuiten, stofsûgers, kontaktadvertinsjes, fetslobberjen, weblogjende froulju, plakkende manlju, mobyltsjes, OMO-relaasjes en hygiëne op feestjes. € 9,90 |
![]() |