Farskskrift

abonnee wurde

 

Freed 4 april 2003 is it earste Farskskrift ferskynd. Mei de rige Farskskrift, fjouwer ta acht ôfleveringen jiers, wol de redaksje fan it literêre ynternettydskrift Farsk op in aktuele wize omtinken freegje foar beskate tema’s. De Farskskriften hawwe tusken de tweintich en sechtich siden en kinne op koarte termyn gearstald wurde. Se binne te krijen yn in tal boekhannels en fia de websites fan Farsk  www.farsk.nl en útjouwerij Bornmeer.

Farskskrift I hat as tema it ier-midsieuske ferline fan it opgravingsdoarp Winaam. Der binne bydragen levere troch Albertina Soepboer, Wilco Berga, Aggie van der Meer, Abe de Vries, Jantsje Post en Jabik Veenbaas. Fierder is in nije oersetting opnaam fan de Ald-Ingelske midsieuske tekst bekend as it Finnsburch Fragmint.

Farskskrift II ferskynde op 2 maaie. Dit nûmer hat as tema 'Oarloch'. De oanlieding foar de bydragen wie fansels de oarloch yn Irak, mar de gedichten hawwe ek wat te sizzen oer oarloch yn it algemien. Der steane fersen yn fan û.o. Eppie Dam, Albertina Soepboer, Jantje Post, Aggie van der Meer, Arjan Hut, Abe de Vries, Elmar Kuiper en Tsead Bruinja.

Farskskrift III giet hielendal oer de dichter Albertina Soepboer. Oanlieding is har optreden op Poetry International 2003 en it ferskinen fan in Nederlânske oersetting fan har lêste twa bondels. Yn it nûmer stiet in ynterview mei har troch Abe de Vries, in tal nije fersen, in monolooch en in deiboek dat se byholden hat fan in optreden yn Eastenryk.

Farskskrift IV bestiet út in twatalige blomlêzing fan 15 fersen út it dichtwurk fan J.J. Slauerhoff. De fersen binne oerset troch Eppie Dam, Eeltsje Hettinga en Abe de Vries. Eeltsje Hettinga hat der in ynlieding by skreaun. It is in priuwke fan in boek dat yn 2004 ferskine sil mei in wiidweidige kar út it wurk fan Slauerhoff. Dit Farskskrift ferkynt by gelegenheid fan de produksje Sielesâlt fan Nynke Laverman, dy't yn it ramt fan it Wolkom-festival fan Tryater fado's sjonge sil op tekst fan Slauerhoff. De teksten fan dizze fado's binne te krijen as bylage fan Farskskrift IV.

Farskskrift V stiet fol ultrakoarte ferhalen  fan bekende en minder bekende skriuwersnammen. Nei de ynlieding fan Farsk-redakteur Jetske Bilker folgje ferhalen fan Geertruida van Assen Eric Hoekstra Ytsje Hoekstra Arjan Hut Franz Kafka Sytse Jansma Bert Kobus Marc R. Kooij Jaap Krol Rein Langer Aggie van der Meer Alied van der Meer Jantsje Post Grytsje Schaaf Willem Schoorstra  Albertina Soepboer Janneke Spoelstra Doeke Sijens Goaitsen van der Vliet  en Sito Wijngaarden.

Farskskrift VI hat as titel Wurkje as in merje. It is in spesjaal nūmer mei nije leafdesfersen, dat ek in spesjale romantyske  omslach krigen hat. Der steane fersen yn fan  Margryt Poortstra Arjan Hut Sito Wyngaarden Anne Feddema Albertina Soepboer  Jacobus Q. Smink  Eppie Dam  Jantsje Post Tsead Bruinja  Jouke Hijlkema Aggie van der Meer  Abe de Vries  Baukje Wytsma  Marc R. Kooij  Elmar Kuiper Matty de Vries  Grytsje Schaaf  Piter Boersma en Johannes J. Landstra.

Farskskrift VII giet oer Klaas Bruinsma en de klassiken en is ferskynd by gelegenheid fan it ferskinen fan de Homźros-oersetting fan Klaas Bruinsma. Ynhāld: Ynterview mei Klaas Bruinsma troch Abe de Vries,  Anne Feddema: Sicht op see, Rein de Lange: Styx, Skriuwer net bekend: De striid tusken froasken en mūzen,  Aggie van der Meer Telemachos' odyssee,  Lytsfeint Ares, As it net oars kin,  Andries Miedema: De Sirenen,  Albertina Soepboer Penelope strielet, Circe revisited, Ibukos fan Reggio: Wer fangt Eros my: Anįkreon fan Téos: Alderdom,  Sófokles: De minsk is 't wūnderlikste wźzen, By dir nūmer is as bylage ferskynd: Willibald, It libben fan Bonifatius, oersetting Klaas Bruinsma.

Farskskrift VIII is wijd oan sport. Bydragen: De fierljepper - Andries Miedema; De man fan Kimswert - Jaap Krol; Achrostiche Américain - Eppie Dam; Tolve bergen trijefearns - Eppie Dam; In blauwe tulp op 'e dongbult - Eppie Dam; Gerald Sibon - Eppie Dam; Oantekeningen Eppie Dam; Harm - Marc Kooij; It damesvolleybalclubke - Jetske Bilker; Durk fan Penjum ta in oantinken - Abe de Vries; Ritme-rinner - Albertina Soepboer; Momint fan sport - Sito Wijngaarden; Met de stoit boven - Hein Jaap Hilarides; Būtenkategory - Elmar Kuiper; Boppeslach - Elmar Kuiper; De estetyk yn de sport - Eric Hoekstra.

Farskskrift IX hat as titel East-Europa. Der steane bydragen yn fan Fryske dichters dy't fersen fan klassike en hjoeddeistige East-Europeeske kollega's oersette en dźr in taljochting op jouwe. Bydragen fan Tsead Bruinja, Eppie Dam, Anne Feddema, Yva Hokwerda, Arjan Hut, Andries Miedema, Albertina Soepboer, Foppe Venema, Abe de Vries en Donna Wouda.

 

 

Jo kinne de Farskskriften bestelle mei ûndersteand bestelformulier. Abonnee wurde kin ek (4 nūmers foar 20 euro, ynkl. ferstjoerkosten)

 

Adresgegevens

Jo namme


Geslacht: f m

Strjitte

Nûmer:

Postkoade:

Plak:

Telefoannûmer:

E-mail adres: (ferplichte)

Ik wol it folgjende nûmer fan Farskrift bestelle (mear nûmers oanfinke is mooglik)

Farskskrift I - Winaam (€ 4,00)
Farskskrift II - Oarloch (€ 4,00)
Farskskrift III - Albertina Soepboer (€ 4,00)
Farskskrift IV - Slauerhoff (€ 4,00)
Farskskrift IV - bylage Sielesâlt / fado's (€ 2,00, yn kombinaasje mei Farskskrift € 1,00)
Farskskrift V - Ultrakoarte ferhalen (€ 4,00)
Farskskrift VI - Nije leafdesfersen (€ 4,00)
Farskskrift VII - Klaas Bruinsma en de klassiken (€ 5,00)
Farskskrift VII - bylage Willibald, It libben fan Bonifatius (€ 5,00, yn kombinaasje mei Farskskrift 3,00)
Farskskrift VIII - Sport (€ 5,00)
Farskskrift IX - East-Europa (€ 5,00)

Abonnemint Farskskrift  (€ 20,00, ynkl. ferstjoerkosten)

Prizen eksl. ferstjoerkosten. By de bestelling sit in rekken.