|
De
weromkommer yn it ûnlân
Abe de Vries
©
reyer boxem |
 |
ABE DE
VRIES (Winaem, 1965) wennet yn Hoofddorp, is bûtenlân-sjoernalist
by Elsevier en skriuwt gedichten yn it Frysk.
Syn fersen waarden publisearre yn Trotwaer, Kistwurk, Hjir en Rottend
Staal Online.
Fan Kistwurk is hy redaksjelid, fan De Moanne meiwurker.
De weromkommer yn it ûnlân is syn earste bondel..
[e-mail abe de vries] [www.abedevries.nl]

|
DRAAIMUNE
Foar Eeltsje Hettinga
As it oargeljen fan de loften yn de jûn
Oanstowen komt fan oer de kontininten,
Blyn út 'e kreamkeamer wei taast
Nei it dronken easten fan Eden,
Yn alle kleuren tusken goud en griis
Meidraacht de roken fan deade fisk,
Dieseloalje, flutsen rotte ierappels -
Dan geane wynderingen oer de lange leaven
Yn de mieden fan de moardsaak -
It is de huver dy't it tsjuster op de hûd sit
Yn de strjitten fan in terpdoarp -
En do witst, bûten hune twa tsjininoar op,
Fearren fan in krie,
Oehoe fan in ûle -
Do hjitst de wyn de wyn,
Dy't delbêdet op dyn teken,
Hoare stilte yn midsimmernacht
Dy't yn dy fart as de float út Ynje wei:
Liken, oerbleaun fan gefjochten, hingje oan de ra.
Silst har skuorre yngean,
Neaken, mei neat as in pinne yn de hân,
De leechblette patrizen as proai fan de balken krije,
Broei fûl troch de klinte jeie,
Dyn sjongfaam befrije.
|