Jabik Veenbaas
De lêzer is in duvel
essays

De hjoeddeiske minske is in yndividu dat syn wei siket tusken de oare yndividuen. Yn de hjoeddeiske literatuer fine we dy yndividualiteit wer. Ek de moderne skriuwer is foar alles in yndividu dat syn heechstpersoanlik boadskip op syn heechstpersoanlike manear útteart. En de lêzer wol himsels werkenne, wol meigean kinne yn it yndividuele libben dat de literatuer foar him ûntslút. Oarspronklikheid en autentisiteit binne de earste kwaliteiten dy't fan it hjoeddeiske boek frege wurde.
Yn dit boek hellet kritikus Jabik Veenbaas dan ek it persoanlike nei foaren yn it wurk fan in mannich nijsgjirrige proazaskriuwers en dichters; hy is ôfjage op de yndividuele kearn fan it wurk, lykas de duvel op 'e siele.


Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en Wiisbegearte. Hy wurket as oersetter en kritikus, en hat as skriuwer de ferhalebondels Tusken himel en hel (1990) en De brulloft fan Valentijn (2000), de dichtbondel Metropolis (2001), en in tal toanielstikken op syn namme te stean. Fierder publiseare er essays yn filosofyske tydskriften en yn literêre blêden as Trotwaer en De Tweede Ronde.

ISBN 90 5615 061 8
Foarmjouwing: Gert Jan Slagter
160 siden, priis € 18,90

  home