De klassiker fan de
Frysk-Sineeske literatuer
 

Hu Thung-song
Yn 'e fal fan jûn

Oerset en besoarge troch Eeltsje Hettinga & Eric Hoekstra

ISBN 90 5615 053 7
64 siden, priis € 8,90

[home] [bestelle]


De dichter Hu Thung-song (Hou Kou, 1914) wennet hjoeddedei yn de stêd Yin Chung. Eeltsje Hettinga kaam de dichter op it spoar doe't er yn Los Angeles kunde krige oan de dochter fan de Grutte Sinees. Sawol de gedichten út de Klassike Perioade (oerset troch Eeltsje Hettinga) as dy út de Jongere Perioade (oerset troch Eric Hoekstra) kinne neffens de dichter sels karakterisearre wurde as 'grutte gefaarlike sprongen yn it sirkus fan de tiid'

Eeltsje Hettinga (1955) is dichter, skriuwer en selsstannich sjoernalist. As sadanich wurke er ek fiif jier yn Amearika (Los Angeles). Yn 2000 rjochte er it literêr tydskrift Kistwurk (www.kistwurk.nl) op. Hy publisearre de dichtbondels Akten fan Winter (1998), bekroand mei de Fedde Schurer Priis, en Dwingehof (2000). Fierder skreau er in skildersbiografy, is er aktyf as oersetter (toaniel/poezije) en hâldt er him dwaande mei it bestudearjen fan rotten.

Eric Hoekstra (1960) is taalkundige, dichter, oersetter en publisist. Hy wurket by de Fryske Akademy. Yn 2000 ferskynden fan syn hân de dichtbondel De floeibere bân en de Fryske oersetting fan Also sprach Zarathustra fan Friedrich Nietzsche. Hy is ek de inisjatyfnimmer fan de stifting Elektroanyske Letteren Fryslân (ELF).