|
|
Jaap Krol
Foarmjouwing:
Gert Jan Slagter
|
|
|
Wettersek is net sa'n dik boek - mar ek net sa tin. Hast hûndertfyftich siden oer baarnende loften, hite grûn en droege kielen. Oer klompen goud en kâld wetter, oer lange treinen en hurde wyn, oer sitten en oerein kommen. Mar ek oer romte en ljocht, oer omke Melle en tante Japke, oer blakstille marren en sjongerige bosken, koartsein: allegear treurigens - en hiel folle fleurigens. Wa't in bytsje trochlêst, hat it samar út. |
Jaap Krol (1970) publisearre ferhalen yn Kistwurk, Hjir en Trotwaer. Hy is meiwurker oan de Blauwe Fedde. Wettersek is syn debút. |
|