YNFORMAASJE OER LIDA DYKSTRA
[de parse oer de boeken fan Lida Dykstra]

Lida Dykstra (1961) wennet mei man en dochter yn De Knipe. Se groeide op yn Skarsterbrêge en ferhuze op har achttjinde nei Leien om oan de Reinwardt Academie foar museummeiwurkers te studearjen. Nei't se ôfstudearre wie, gie se fierder mei de akademyske stúdzje Keunstskiednis; har haadfak wie Keunstniverheid.
Tusken 1986 en 1989 wurke se by de stifting Monument van de Maand, dêrnei as konservator yn it Museum Joure. Nei de berte fan har dochter hold se op mei wurkjen bûten de doar, en begûn se te skriuwen. Har debút as berneboekeskriuwster makke se mei Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid.  Neist boeken foar bern en jongerein skriuwt se ek ferhalen en gedichten foar folwoeksenen. Yn novimber 2000 ferskynde by Utjouwerij Frysk en Frij de fersebondel Frou ûle. Foar ien fan har ferhalen krige se yn 1999 de Rely-Jorritsmapriis. Yn febrewaris 2000 ferskynde by Utjouwerij Bornmeer Wolken fan wol, in bewurking fan seis ferhalen út de Metamorfoasen fan Ovidius. Dizze útjefte slute oan by it tema fan de Nederlânske Boekewike 2000: Lectori Salutem, ferhalen út de klassike âldheid. It boek is útkeazen foar de Honour List 2002 fan de IBBY en is yn septimber 2001 ûnder de titel 'Wachten op Apollo' yn it Nederlâns ferskynd by útjouwerij Lemniscaat. It waard bekroand mei in ‘Vlag en Wimpel’.  Ek har bydrage oan de sammelbondel Listen fan goaden en bisten hat in klassyk tema, yn dit gefal it ferhaal fan Psyche. Har boek mei foarlêsferhalen oere Boltsje de Boer, Snotaapkes is yn 2002 oerset yn it Nederlâns, ûnder de titel Ootje. Yn juny 2002 ferskynde it twadde diel mei ferhalen oer Boltsje, ûnder de titel De suertsjeplysje.  Dit boek ferskynde yn it Nederlâns as ‘Ootje weer’. Tsien ferhalen oer Boltsje binne te hearren op de cd De aventoeren fan Boltsje de Boer foarlêzen troch Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân. . Yn maaie 2003 ferskynde it twadde dieltsje oer Dideldeintsje, Dideldeintsje wol nei skoalle, dat yllustrearre is troch Marijke Klompmaker. Yn it neijier fan 2003 ferskynde as aksjeboek in printeboek dat Lida Dykstra makke hat mei de ferneamde Súdafrikaanse yllustrator Piet Grobler, Mûske myn famke. It is basearre op in gedicht fan Gysbert Japicx.. Der binne oersettingen fan yn it Ingelsk, Nederlâns en Súd-Afrikaans. In Koreaanske oersetting is op kommendewei. Yn 2004 krige se foar dit boek de Simke Kloostermanpriis. Yn 2005 ferskynden it printeboek Tsien lytse hekskes (mei yllustrator Jung Hee Spetter) en it lêsboek Lederwyntsje (mei yllustraasjes fan Monique Beyer). Dat se it skriuwen foar pjutten noch net ferleard wie, blykte yn april 2006 mei it ferskinen fan Oekebakke boem, dat se makke mei Marijke Klompmaker.

sjoch ek: lidadijkstra.nl

 

Boekpublikaasjes yn it Frysk: 
Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid (Afûk, 1994) 
De billebiter (Friese Pers Boekerij, 1995) 

De skat fan jonker Jan (Afûk, 1996) 

Pake past op Dideldeintsje (Afûk, 1997) 

Leaverikjes (Friese Pers Boekerij, 1998) 

Gefaar foar Graaf Max (Afûk, 1999) 

Snotaapkes (Bornmeer, 1999)

Wolken fan wol (Bornmeer 2000)

Frou ûle (Frysk en Frij 2000)
De suertsjeplysje
(Bornmeer 2002)
Dideldeintsje wol nei skoalle (Bornmeer 2003)
Mûske myn famke (Bornmeer 2003)
Tsien lytse hekskes (Bornmeer 2005)
Lederwyntsje (Bornmeer 2005)
Oekebakke boem (Bornmeer 2006)

© foto: Jacob van Essen/Het Hoge Noorden 

werom nei thússide