Jetske Bilker Oar plak oare tiid home

 

Swaantsje Nammensma is in túnarsjitekte fan 35 mei in man en in bern. Se is gek mei har soan Jesse en ek wol mei har man Durk as it der op oan komt. It hat der alle skyn fan dat har libben mei noch altyd deselde man en gjin al te opsichtige lichamelike feroarings lykas in boarstfergrutting of oare kosmetyske yngrepen, o sa de muoite wurdich is. En dan komt se op in brulloft in man tsjin – en hoe’n man: in Man.

"Onderhoudend, soms ontroerend en op een onopgesmukte manier geschreven [...] Bilker weet de lezer in de greep te houden met een hoofdpersoon die worstelt met de 'seven-year itch.' Gelardeerd met onderhuidse venijnigheden, op hol slaande hormonen en onvoorwaardelijke moederliefde"
Lies Schut, De Telegraaf 16 jan. 2005

"Terecht vertaald, dit Friese boekenweekgeschenk. Een directe pakkende, maar niet platvloerse vertelling over een gewone moderne vrouw en moeder, die halsoverkop verliefd wordt op een ander dan haar echtgenoot."
Trouw

Jetske Bilker (1960) studearre Algemiene Literatuerwittenskip oan de RU yn Grins. Se wurket als oersetster en learares Nederlânsk, Yn 1988 debuteare se mei de roman Imitaasjelear dêr’t se yn 1990 de Fedde Schurerpriis foar krige. Yn 1997 ferskynde har ferhalebondel In nacht fan hûs.

ISBN 90 5615 081 2, 126 siden, priis € 6,50
Foarmjouwing Barbara Jonkers

Oar plak oare tiid wie yn 2004 it boekewikegeskink. Yn it neijier fan 2004 is it yn in Hollanske oersetting ferskynd by Uitgeverij Prometheus yn Amsterdam, titel: Andere plaats, andere tijd.