Sommige deistige
dingen binne hiel oars as men tinkt…
Sa binne tûkjes
en foarkjes eins hielendal gjin deistige dingen, mar ûnderdielen fan bisten.
Mar om’t minsken
altyd alles skiftsje en opromje - de foarkjes by de foarkjes en de tûkjes by de
tûkjes - wit hast gjinien dat.
Troch dizze
nuvere manier fan dwaan sjochst de helte fan de bisten net iens, wylst der hast
oer stroffelest.
Froeger wie der
in keunstner dy’t Michelangelo hiet. Hy sei dat der yn
in blok moarmer in byld ferstoppe siet en dat hy dat der úthelje moast.
Mei dy tûkjes en
foarkjes is it eins krekt sa: moatst gewoan alles by elkoar sjen te finen en do
hast it bist.
Soms sjogge
grutte minsken wolris frjemd as ik in krom deksel fan in bus ferve fan ’e grûn
pak. Mar ik wit wol
better: dit is net allinnich in deksel, it is it skyld fan de skylpod!
Sjoch mar yn it
boek.
Machiel Braaksma
|