Wieke de Haan Optriuwe en ôfbliuwe home

ISBN 90 5615 111 8
128 siden, priis € 9,90
Foarmjouwing Barbara Jonkers

 
Foto: © Reyer Boxem

De parse Oer Optriuwe  en ôfbliuwe:

 
 “It is mei gong en in protte flair op papier set. De ferhalen wurde ferteld yn in moai en stoer soart flot Frysk. De Haan kin skriuwe as in dief.'
(Abe de Vries yn de Leeuwarder Courant)

Dizze debutante wynt de chicklit-leafhawwer mei gemak om ‘e finger troch de lichtens fan toan, de flotte humoristyske styl fan skriuwen en it moaie, ûnferwachte, brede en rike rippertoire oan wurden dat se brûkt.
(Gerbrich van der Meer yn it Friesch Dagblad)

 

Klik hjir foar foto's fan de presentaasje

'Optriuwe en ôfbliuwe' (de titel ferwiist nei in push-up beha) is in Frysktalige ferhalebondel foar froulju dy't wolris om harsels laitsje wolle. Yn 32 koarte ferhalen skriuwt Wieke de Haan oer de gefolgen fan wat sy de uterste hâldberheidsdatum neamt. Dúdlik wurdt wat sûkelade, raukost, in push-up beha, in unifoarm of in reserveman foar in frou betsjutte kinne. It binne ferhalen oer skytskjinne en gaoatyske froulju, jojo-froulju, froulju mei in burn-out yn in sûkeladeklinyk, mar ek froulju dy't nochal drastysk mei dokters ôfweve.

weblog Wieke de Haan