Foarlêsferhalen foar bern fan in jier of fjouwer ôf
 
Lida Dykstra  
SNOTAAPKES
  
 De bêste aventoeren fan Boltsje de Boer  
Yllustraasjes: Marijke Klompmaker  
  
Joepy-de-floepy! Ik haw myn eigen boek!  
25 fan myn moaiste ferhalen steane deryn.  
Wa't ik bin? Boltsje de Boer fansels. Kenst my dochs wol?  
Noch net? No sjoch, it sit sa.  
Tusken 1996 en 1998 skreau Lida Dykstra  De aventoeren fan Boltsje de Boer foar it Friesch Dagblad. Se fertelde wat ik belibbe, mei myn maat Simen, myn hûn Brún en fansels mem en heit en myn bruorke Bonne.  
Sa gau't ik wat útheefde, skreau Lida it op. Oer dy kear dat in kaugomclown my pakte. Of doe't ik in nije finger kocht yn 'e fingerwinkel. Ik haw ek ris stopljochten op grien tovere en myn sjaal fuortjûn oan in stel snotaap-kes.  
Mar dat moatst sels mar lêze. Of noch better: lit dy lekker foarlêze!  
No hoi hè.  
Boltsje de Boer 
 

Snotaapkes hat de Welpeprint 1999 krigen as it  bêst fersoarge Fryske berneboek. 
Lêste nijs: Snotaapkes is oerset yn it Nederlâns. En Boltsje hjit dan fan Ootje...
  

 

ISBN 90 5615 026 X, NUGI 240 
Priis: € 11,30

op dit stuit is Snotaapkes útferkocht

 

 
Ynformaasje oer Lida Dykstra 
Werom nei thússide