Yn juny 2002 is ferskynd:
 

Lida Dykstra  
De suertsjeplysje
  

Nije aventoeren fan Boltsje de Boer  
Yllustraasjes: Marijke Klompmaker  
ISBN 90 5615 052 0
Untwerp: Gert Jan Slagter
64 siden, priis € 11,90

Joepy-de-floepy! Myn twadde boek is út!
Alwer 25 prachtige ferhalen oer my, oer heit en mem,
ús lytse Bonne, myn hûn Brún.
Wa't ik bin? Boltsje de Boer fansels. Kenst my dochs wol?
Myn earste 25 aventoeren steane yn it boek Snotaapkes.
Mar doe't Lida Dykstra dat skreaun hie, siet ik fansels net stil.
Ik belibbe wer allegear nije dingen. En dy steane yn dít boek.
Wat dan?
No, dat myn maat Simen ferhuze omdat syn heit en mem inoar
net mear leaf fûnen. En dat ik in nij buorfamke krige: Elfy. Mei har haw ik tulpen pikt, in jildbeam makke en mei wetterballonnen goaid.
En wy ha ússels ynsmard mei huning om flinters te fangen.
Mar dat wie net sa'n goed idee…
Lês sels mar. Of noch better: lit dy lekker foarlêze!
No hoi hè.

Boltsje de Boer

PSSSSSSS
Der is no ek in CD mei myn aventoeren
!

  

 

 

 
Ynformaasje oer Lida Dykstra 
Werom nei thússide