Tsead Bruinja 

 

de wizers yn it read

 

[Nederlands] [bestelle] [oare titels Tsead Bruinja]

 

de wizers yn it read

 

de muorren

fan dizze keamers

skodzje fan it balten

en wolle

net mear witte fan bloed

en fan trochgean

 

oars as de plakken

op ús fel

ear’t se blau wurde

 

 


foto: Reyer Boxem

Tsead Bruinja (1974, Rinsumageast) wennet yn Grins, dêr’t er Ingelsk studearre. Hy organisearre literêre eveneminten as it ‘Literaire Botanische Festival; Dichters in de Prinsentuin’ en ‘Vuurproeve, literair podium’. Ek wie er assistint-koördinator fan de literatuerfestivals ‘Winterschrift’ en ‘Noordschrift.’

Hy skriuwt yn it Ingelsk, Nederlânsk en Frysk en publisearre ûnder oaren yn de tydskriften Hjir, Ravage, Bordelaise Literair, File a literary journal, De blauwe Fedde en De Rottend Staal. Sûnt koart sit er yn ’e redaksje fan it Fryske tydskrift Hjir.

De wizers yn it read is syn offisjele debút. Earder hie er al twa bondels yn eigen behear útjûn: Vreemdgaan (Nederlânsktalige poëzij, 1998) en Startschot (Nederlânsktalige poëzij, mei oare dichters, 1999).

Mear ynformaasje is te finen op syn eigen website: www.tseadbruinja.nl.

 

 

Tsead Bruinja, De wizers yn it read

Foarmjouwing: Gert Jan Slagter

ISBN 90 5615 034 0

64 p.  8,85
ferskynd yn maaie 2000

 

Tsead Bruinja (1974, Rinsumageest) woont in Groningen waar hij Engels studeerde. Hij organiseerde literaire evenementen als ‘Literaire Botanische Festival; Dichters in de Prinsentuin’ en ‘Vuurproeve, literair podium’. Ook was hij assistent-coördinator van de festivals ‘Winterschrift’ en ‘Noordschrift.’

Hij schrijft in het Engels, Nederlands en Fries en publiceerde onder andere in de tijdschriften Hjir, Ravage, Bordelaise Literair, File a literary journal, De blauwe Fedde en De Rottend Staal. Sinds is hij redactielid van het Friese literaire tijdschrift Hjir.

De wizers yn it read is zijn officiële debuut. Hij had echter al twee bundels in eigen beheer uitgegeven: Vreemdgaan (Nederlandstalige poëzie, 1998) en Startschot (Nederlandstalige poëzie, samen met andere dichters, 1999).
Meer informatie is te vinden op zijn eigen website www.tseadbruinja.nl.


Tsead Bruinja, De wizers yn it read

Vormgeving: Gert Jan Slagter

ISBN 90 5615 034 0

64 p.    8, 85

 

 

Alle titels Tsead Bruinja by Bornmeer: