Fryske palindromen

In palindroom is in wurd of in sin dy't hinne en wer út de selde letters bestiet.

Der binne op it ynternet in hiel soad palindromen in allegearre talen. Mar de measte fan dizze palindromen binne makke yn grutte talen, lykas it Ingelsk, mar ek it Nederlânsk.

Ik haw trije palindroom-sinnen yn it Frysk makke, mar se binne wat bryk. Ik hoopje dat immen der in pear skitterende by meitsje kin!

Stjoer dus dyn Fryske palindromen nei fvlamoen(AT)planet(DOT)nl, dan kin elkenien se hjir lêze.

Ek moai, dy dia, omke!

Túnen yn en út.

Ah, moast it sa om ha!

It Fryske lintsje Ik sil besykje yn de takomst mear Frysk, en ek oare ynteressante taal-dinksjes, op dizze thússide te sette.

Ik steun fansels de aksje fan T.J. Kuipers foar mear Frysk op it ynternet, en ek oare eigen talen en dialekten. Foar my is it Frysk einliks net myn earste of twadde taal, ik haw altiten it Nederlânsk as earste taal praat. Mar om't ik yn Ljouwert grut wurde bin, haw ik wol wat Frysk leard. En ik haw myn ynteresse nei myn ferhuzing nei Amsterdam en letter Goes net ferlern, krekt oarsom sels.


Werom nei "Floors taal pagina".

Werom nei Home.